Brân yn de Hema op Skylge
De Hema oan de Torenstrjitte yn Skylge-West is moandei tydlik ticht nei't der moarns brân yn de winkel west hat.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Om't de winkel fol reek stie, is dy tydlik sletten om de saak fentilearje te kinnen.
It is net bekend hoe't de brân ûntstien is en hoe grut de skea is.