FIDEO: Majestueuze flearmûs yn Boalsert "eins net te begripen"
Tsien fan de alve fonteinen yn de Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt eltsenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.
Fontein Boalsert
Moandei binne we yn Boalsert. De Belgyske keunstner Johan Creten ûntwurp foar dy stêd in flearmûzefontein. De mieningen binne ferdield.