Motorrider botst by De Jouwer op auto en rekket ferwûne
In motorrider is sneintejûn ferwûne rekke by in botsing mei in persoane-auto. It ûngelok barde op de Tramwei by De Jouwer.

Twa ambulânses en de plysje binne nei it plak fan it ûngefal takaam. De motorrider wurdt oan syn ferwûningen behannele.