Auto rekket by Hjerbeam fan dyk en bedarret yn sleat

In auto is sneintemiddei fan de A31 rekke en yn in sleat lâns de dyk telâne kaam. It ûngelok barde op 'e hichte fan Hjerbeam. Helptsjinsten binne nei it plak fan it ûngelok takaam.
Auto yn de sleat by Hjerbeam © Anton Kappers
De autobestjoerder wurdt troch ambulânsepersoniel neisjoen. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch net bekend.