SC Hearrenfean mei keihurde sifers ûnderút yn Dútslân

SC Hearrenfean hat sneon de oefenwedstriid tsjin TSG Hoffenheim mei grutte sifers ferlern. Yn it Dútske Bruchsal waard it mar leafst 8-2 foar de ploech dy't ferline seizoen as nûmer trije einige yn de Bundesliga.
Trainer Jan Olde Riekerink © www.orange-pictures.nl
Mei de oanwinsten Filip Bednarek en Rodney Kongolo yn de basis begûn Hearrenfean min oan de wedstriid. By it skoft seach it team fan trainer Jan Olde Riekerink al tsjin in 5-0-efterstân oan.
Yn de twadde helte krige Hearrenfean noch ris trije treffers om de earen. Henk Veerman en Michel Vlap skoarden noch wol tsjin.

Levante UD

De oefenpot tsjin Hoffenheim wie de ien-nei-lêste wedstriid fan de tarieding op de kompetysje. Folgjende wike sneon spilet Hearrenfean noch in freonskiplik duel tsjin it Spaanske Levante UD, om 19.30 oere yn it eigen Abe Lenstra Stadion.
Basisopstelling SC Hearrenfean tsjin TSG Hoffenheim: Bednarek; Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Kongolo, Kobayashi; Rojas, Lammers en Zeneli.