Earste haadrace-oerwinning foar De Vries yn Formule 2
Nyck de Vries hat sneontemiddei foar de earste kear yn syn karriêre in haadrace yn de Formule 2 op syn namme skreaun. Yn Hongarije wie de 23-jierrige autokoereur út Twellingea te fluch foar al syn konkurrinten.

Op de Hungaroring yn Mogyoród waarden Lando Norris út Grut-Brittannië twadde en Antonio Fuoco út Italië tredde.
It wie de twadde kear dit seizoen dat De Vries as earste oer de streek kaam, mar foar it earst yn in haadrace. Earder dit seizoen wie er yn de sprintrace yn Frankryk de fluchste.