Winkeltsjerûte troch Noard-Fryslân bestiet fiif jier
De winkeleigeners dy't oansletten binne by de plattelânsrûte troch Noard-Fryslân fiere feest. De sechtich kilometer lange rûte wurdt útwreide mei noch mear winkeltsjes. Allinnich bysûndere, want standertwinkels sitte der net tusken.
De rûte mei ferskate bysûndere winkeltsjes bestiet no fiif jier. De rûte bestie út alve winkeltsjes lâns bygelyks Burdaard, Hallum, Ferwert en Blije. No is de rûte útwreide mei trije winkeltsjes en ateliers yn Moarre, Easternijtsjerk en Wierum.
Foarbylden
Wannear't je de rûte ôflizze, komme jo ûnder oare in blommesaakje, in seefdrukkerij en in kearsraander tsjin. It binne in pear foarbylden fan winkeltsjes dy't je oantreffe. Ek komme je lâns Lichtaard dêr't de tsjerke iepensteld is en je keunstwurken besjen kinne.
Sneon binne, op ien nei, alle winkels en ateliers iepen om it jubileum te fieren.

Op De Lytse Jouwer treffe we Anny Hoekema fan camping De Terp. Tegearre mei har man sammelet se allegearre spullen op souder. "Gjin nije spullen, dêr hâld ik net fan. It moat brûkt wêze en wer opnij brûkt wurde", fertelt Hoekema. "You name it. Der is gjin nee te keap."
De opbringst giet nei goede doelen tsjin Parkinson en Alzheimer.
Anny Hoekema oer de Noard-Fryske winkeltsjerûte

Wolle jo de rûte ek dwaan? Dat kin fansels mei de auto, mar ek op de fyts is it goed te dwaan. Underweis kinne je oanstekke by in teetún of in B&B foar bygelyks in bakje kofje of tee.