Twa ferwûnen by autoûngelok op N31 by Marsum
By in ûngelok op de N31 by Marsum binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. De auto dêr't beiden yn sieten, bedarre troch noch ûnbekende oarsaak op de sydkant yn de berm.

Ambulânsemeiwurkers ha de slachtoffers behannele. Ien rydbaan waard tydlik ôfsletten. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.