Omrop TIP: Buro de Vries siket it Houtigehage-DNA
It doarpsplein fan De Houtigehage is snein plak fan hanneling foar it radioprogramma Buro de Vries. Op it terras by kafee Sportlust en op ferskate plakken yn it doarp geane we op syk nei it DNA fan De Houtigehage.

We gean op syk nei antwurd op de fraach: wat betsjut 'mienskip' yn de deistige praktyk fan dit doarp op de grins fan Smellingerlân en Achtkarspelen?
We sille it ha oer de skiednis fan it doarp en oer de earmoede dy't de streek tekene om 1900 hinne. Minsken op de heide wennen doe yn spitketen en it analfabetisme wie heech. Ds. Visscher besocht dêr ferbettering yn te bringen. In tinkstien yn it tsjerkje Noord Jeruël en in strjitnamme heuget noch oan him.

It wâldhúske yn De Houtigehage wie yn 1909 de earste wenningwetwenning yn de gemeente. It joech plak oan húshâldingen dy't der ek noch wat lytsfee hâlde koene en wat ierappels en griente ferbouden. It is no in museumwente.

It sosjalisme waard populêr ûnder de earme befolking. Durk Pultrum wie dêr in pleatslik foarfjochter fan. Hy wie ûnder oare de inisjatyfnimmer fan it Folksgebou yn Boelensloane. Dat doarp leit deun tsjin De Houtigehage oan.

We sjogge ek nei hjoeddeistige saken. Der is bot ferlet fan nije wenningbou, mar it wol mar net op gong komme. We binne noch te gast by in camping achter 'it spekhúske fan de barbecue-gigant'. En we geane op syk nei in bysûndere ynwenner: Harry Harrewar.
Buro de Vries is der snein fan 11.00 oere oant 13.00 oere.