Aldste man fan de Benelúks (108) wennet yn Dokkum
Eelke Bakker út Dokkum is sneon 108 jier âld wurden. Dermei is er de âldste man fan de Benelúks. Bakker waard berne op 28 july 1910 yn Ballum op It Amelân. Hy fiert syn jierdei sneon by syn soan yn Damwâld. Dêr is boargemaster Marga Waanders moarns ek by him op besite kaam.

Eelke Bakker komt út in famylje mei njoggen bern. As jongkeardel ferhuze Bakker nei de fêste wâl om wurk te sykjen by de boer. Hy troude mei Baukje en se krigen fjouwer bern. Yntusken binne der tal fan pake- en oerpake- en oer-oer-pakesizzers.