FIDEO: Simmerdrokte op en rûn it wetter

It kwik rint heech op en dat betsjut dat minsken de doar út gean. Yn 'e hûs is it te waarm en yn de lijte yn de tún is it hast ek net te dwaan. Wêr kinne je dan better hinne gean as nei it strân, tochten in soad minsken freed. Om 09.00 oere moarns sieten de earste besikers al op harren handoekje yn it sân. Oaren wienen drok dwaande om in opblaasflamingo op te blazen of in parasol op te setten.
Strân fan Makkum © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Ek by Sopkafee Makkum is it drok mei de waarme dagen. "Oerdei is it noch te dwaan, mar jûns komt elkenien fan it strân nei it terras en dan is it wol fol", fertelt Marit Jansen dy't yn de betsjinning wurket. De minsken ha wol begryp foar it personiel dat yn de waarmte wurkje moat. "We dogge ús bêst", fertelt Jansen. Foar it personiel is it wol hiel waarm, mar dêr hawwe se wol wat op betocht. "De servetsjes binne net oan te slepen en we dûke sa no in dan efkes de kuolsel yn", fertelt se.
Simmerdrokte op it strân fan Makkum
Mar net allinnich oan it wetter wie it drok. Ek op it wetter wienen in soad minsken te finen. Mei de wyn troch it hier en in kâld drankje yn de hân. By wettersportbedriuw ANJA yn Grou lei der gjin sloep mear oan de steiger. It binne topdagen foar de ferhierders fan boatsjes.
Robin Dorenbosch fan ANJA fertelt dat syn telefoan de hiele dei read gloeiend stjit, mar dat der echt gjin motorboat mear frij is. "En ek moarn is alles al fuort, topdagen dus", seit Dorenbosch. Mei de sylboatsjes giet it wat minder. "Der binne ek in soad Valkjes fuort, wol wat minder as de sloepen, mar ik bin tefreden", seit Dorenbosch.
Topdrokte boatferhier Grou