Plysje befrijt hynder út waarme trailer op De Lemmer
De plysje fan gemeente De Fryske Marren hat freedtemiddei in hynder út in fierstente waarme hynstetrailer helle op De Lemmer. Dy stie oan de Lijnbaan en stie yn de folle sinne. It wie op dat stuit 37 graden. De trailer wie eins net foarsjoen fan fentilaasje.

Nei it iepenjen fan de trailer skrokken de aginten fan de waarmte binnen. It hynder switte bot en wie hiel ûnrêstich. Der wie ek gjin drinkwetter beskikber foar it bist.
Op it plysjeburo hat it hynder in ferfrissende dûs krigen en koe it efkes goed drinke.
De eigener kaam nei sa'n healoere by it plysjeburo om syn hynder wer op te heljen. Der is proses-ferbaal opmakke foar it net goed fersoargjen fan it hynder.
