Wetterskypark Snits wol alwer útwreidzje
Krap twa jier nei de start wol de wetterskybaan fan Snits alwer útwreidzje. Neffens inisjatyfnimmer Taco Hofman hat er benammen yn it hoarekagedeelte by de baan in grut ferlet fan mear romte. Sa is it terras te lyts en is der gjin plak foar de foarried.
Wetterwille by de Potten
Benammen de ôfrûne wiken hat it smoardrok west by de wettersyibaan. It wetterskyen is neffens Hofman benammen mei it waarme waar in favoryt útstapke om't it foar ferkuolling soarget. Mar ek as it reint komme der noch groepen op ôf. "Nat word je toch", sa seit er.
Hofman is tige wiis mei it waarme waar
Utwreiding
De útwreidingsplannen besteane eins al langer, mar it wachtsjen is op grien ljocht fan de polityk. Dy wol benammen witte wat it betsjut foar de natuerwearde fan De Potten as de plannen trochgean. Ek wurdt der sjoen nei de ferkearsdruk nei it gebiet ta. Ferline jier kamen der goed 12.000 minsken spesjaal foar de wetterskybaan nei De Potten.
Hofman wol graach mear romte foar de hoareka