Alle provinsjale brêgen yn Fryslân sletten fanwegen hjitte
Alle provinsjale brêgen yn Fryslân wurde yn ferbân mei de ekstreme hjitte oant neier berjocht net mear betsjinne. De provinsje set tongersdeitejûn útein mei it kuoljen fan de brêgen. Freedtemoarn sil besjoen wurde oft der mooglik wer brêgen iepen kinne.

Remco Wahle, Provinciale Waterstaat Fryslân
Troch de waarmte sette de brêgen út, wêrtroch't se net mear iepen wolle. Troch it kuoljen hopet de provinsje derfoar te soargjen dat se freed wer iepen kinne.
Net betsjinne
Earder tongersdei waard al dúdlik dat de brêgen by Kiestersyl en Dronryp, de stasjonsbrêge yn Frjentsjer en de brêge Noarder Alde Wei net betsjinne wurde. Dat jildt no dus foar alle provinsjale brêgen.