Stedscamping fan Dokkum hat it smoardrok
Stedscamping Dokkum hat it smoardrok
De stedscamping fan Dokkum oan de Harddraversdijk hat it smoardrok en dan is de boufak noch net iens fan start gien. It moaie waar spilet fansels in wichtige rol dêryn. De camping is eins wol bysûnder, want dy hat ek noch in haven, dêr't tal fan boaten lizze. Eigener Gerke Jagersma lit witte dat hy ien fan de bêste seizoenen hat sûnt hy fyftjin jier lyn de saak oernaam.