Vitens: Wetterferbrûk yn Fryslân is benammen jûns útsûnderlik heech
Fryske boargers moatte sunich wêze mei drinkwetter en se moatte dat foaral net brûke foar it sproeien fan de tún. Dy oprop die direkteur Jelle Hannema fan wetterbedriuw Vitens tongersdei by de provinsje Fryslân. Vitens hie op it provinsjehûs oerlis mei Wetterskip Fryslân en de provinsje oer it delslachtekoart en de drûchte.
Vitens: Wetterferbrûk yn Fryslân is foaral jûns útsûnderlik heech
Direkteur Jelle Hannema fan Vitens
De oerheden hawwe it beslút naam om safolle mooglik ien line te lûken. Vitens stipet it beslút fan Wetterskip Fryslân om foar it earst sûnt 1976 in bereiningsferbod yn te stellen, mar de oerheden realisearje harren wol dat it nuver is as boargers de tún wol sproeie meie, wylst boeren net har lân bereine meie. "Verbieden kunnen we het niet, maar ik wil wel een dringende oproep doen om de tuin niet meer te besproeien", seit direkteur Jelle Hannema fan Vitens. It wetterskip en de provinsje stypje dy oprop.
Tsjin de trend yn
De simmer fan 2018 is 'spannend' foar drinkwetterbedriuw Vitens. It bedriuw is wend dat simmerdeis it wetterferbrûk yn Fryslân wat tebekrint; de yndustry ferbrûkt minder wetter en der binne in soad minsken op fakânsje. Dit jier is it byld folslein oars; benammen jûns rint it wetterferbrûk de spuigatten út. Oant jûns let is it wetterferbrûk wol de helte mear as oars.
Hannema wit dat in grut part fan dat wetter brûkt wurdt foar de tún. Foar Vitens is dat in grut probleem, want de wetterproduksje fan de jûn is eins nedich om de reservoirs wer op tiid by te foljen foar de oare deis.
We zijn bezig met het uitbreiden van de capaciteit in Fryslân, maar dat regel je niet van de ene op de andere dag. We gaan met het verbruik van nu langs de rand van wat nog mogelijk is.
Vitens sit mei it hite waar fan no sawiesa al tsjin de grinzen fan de kapasiteit oan, seit direkteur Jelle Hannema. "We zijn bezig met het uitbreiden van de capaciteit in Fryslân, maar dat regel je niet van de ene op de andere dag. We gaan met het verbruik van nu langs de rand van wat nog mogelijk is."
Needsaaklike saken
Op pykmominten is Vitens twongen om de wetterdruk yn in part fan Fryslân te ferleegjen. Minsken dy't op sa'n stuit ûnder de dûs stean, kinne dat dan fernimme. Vitens freget oan de minsken om it drinkwetter foarearst allinnich te brûken foar needsaaklike saken lykas drinke, itensiede en waskje. Saken as auto waskje, de ruten himmelje of lang ûnder de dûs stean kinne better wachtsje oant de perioade fan delslachtekoart en as de hjitteweach wer foarby is, sa seit Hannema.
Vitens hat it net allinnich yn Fryslân dreech; ek yn Oerisel wurdt folle mear wetter brûkt as oars en sit it bedriuw tsjin de grinzen fan de mooglikheden.