Brân op Skier liket ûnder kontrôle te wêzen

De brân op Skiermûntseach liket ûnder kontrôle te wêzen. Dat seit de brânwacht Fryslân. It ekstra materieel dat nei it eilan ta brocht wurde soe, is foarearst ôfsein. Ek de blushelikopters dy't oproppen wiene, fleane werom nei har basis.
Brân op Skier liket ûnder kontrôle te wêzen
Jan Willem Swart feiligensregio
De brân wie op de westpunt fan it eilân, mei in wyn dy't út easten kaam liket de natuer de fjoerbestriders in hantsje holpen te hawwen. Op it eilân is fuortendaliks nei de brânmelding grut opskaald. Dit hie te krijen mei de grutte fan it gebiet dêr't de brân wie, en mei de mooglikheid dat der noch toeristen yn de omjouwing wiene.
Brânwacht en boeren hawwe yn oparbeidzjen besocht om it fjoer sa gau as mooglik út te krijen. Dit waard ûnder oare dien troch it ynsetten fan trekkers mei jarretanken.
Amateurbylden brân
Er is niets bijzonders wat natuur betreft op deze locatie, en ik geloof dat na de brand iets moois ervoor terugkomt.
Boskwachter Cynthia Borras
© SR Fotografie
Cynthia Boras oer brân Skier
Wylst de reaksjes op de social media emosjoneel binne, besjocht boskwachter Cynthia Borras fan it eilân it nochter: "Er is niets bijzonders wat natuur betreft op deze locatie, en ik geloof dat na de brand iets moois ervoor terugkomt." Se wiist dêrmei op de mooglikheid dy't jiske biedt foar nije plantgroei.
Brân op Skier - live Gerrit