Earste otter troch dûker by de Grote Wielen

Foar it earst hat in otter de oerstek makke troch de dûker ûnder de Grinzerstrjitwei tusken de Grutte en de Lytse Wielen by Ljouwert. Dat meldt de gemeente. Otters doarden de lange oerstek troch dizze dûker earst net oan. Dêrom waard der in loopplankekonstrúksje makke. Dy soarget derfoar dat de bisten by stikken en bytsjes de dûker ynlaat wurde. Dat hat holpen.
In otter © Shutterstock.com
Ottersaakkundige Harrie Bosma hat op kamerbylden sjoen dat nei in jier de earste oerstek slagge is. Der libje trije of fjouwer otters yn in grutter gebiet by De Wielen. It stribjen is in goede ekologyske ferbining te meitsjen tusken de beide Natura2000-gebieten Grutte Wielen en Alde Feanen.
De provinsje en It Fryske Gea hawwe ferline jier gaas spand by de Grutte Wielen fan Oentsjerk oant Ljouwert om foar te kommen dat otters de dyk oerstekke. By Gytsjerk wie al in passaazje makke, mar de Grinzerstrjitwei foarme oant no ta noch in obstakel om fan de Grutte Wielen nei de Lytse Wielen te kommen. Dat probleem liket oplost, no't de dûker brûkt wurdt.