Wallaby deariden op de N351 by Easterwâlde

By in ûngelok op de N351 tusken Easterwâlde en Aldeberkeap is tongersdeitemoarn in wallaby deariden.
© SR Fotografie
In autobestjoerder ried rjochting Aldeberkeap doe't der ynienen in wallaby foar syn auto sprong. Hy koe de lytse kangoeroe net mear ûntwike en botste tsjin it bist oan. De wallaby oerlibbe it net. De auto hie flink wat skea en moast fuortsleept wurde.
It is net dúdlik wêr't it bist weikomt, en hoe't er yn de Fryske natuer bedarre is.