Liveblog
|
26 july 2018
LIVEBLOG: Hjitte yn Fryslân
Koade oranje yn Fryslân. It is hjit, drûch en ferskate eveneminten passe it programma oan of wurde hielendal ôfsein. Bliuw op de hichte.
Lêst bywurke: 26 july 2018, 17:50
17:27
Wetterwille yn Snits
Wetterwille by Snits, wêr't bern wetterskye kinne.
16:48
Vitens ropt op ta sunich wetterferbrûk
Fryske boargers moatte sunich wêze mei drinkwetter en dêr net de tún mei sproeie. Dat seit wetterliedingbedriuw Vitens. De lêste wiken is benammen jûns it wetterferbrûk yn Frsylân wol sa'n 30 oant 40 persint heger as oars. In grut part fan dat wetter wurdt brûkt om de tún fan wetter te foarsjen. Vitens, wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân roppe de minsken op om dat net mear te dwaan.
13:46
Wetterwille by Snits
Wetterwille by de Potten
12:39
Brân op Skier
12:36
Sympatike aksje skoalbern

Esther, Anouk, Femke, Heleen en Jannet út Surhústerfean hawwe tongersdeitemoarn betiid op eigen inisjatyf in soad iistee makke yn wensoarch-kompleks it Suyderhuys. De famkes woene sa op dizze waarme dei wat dwaan foar de 86 bewenners fan it Suyderhuys. Frou Veenhuizen, de beppe fan fjouwer fan de famkes, mocht as earste fan de iistee priuwe.
12:09