Kollum: "Ivanhoe"

"Yn it ferhaal Ivanhoe fan Sir Walter Scott út 1819, komt in karakter foar dat Maurice de Bracy hjit. Hy is de kapitein fan de Free Companions, in binde fan hierlingen. Hij seit op in gegeven momint: "I offered Richard the service of my Free Lances, and he refused them... thanks to the bustling times, a man of action will always find employment." Maurice bea Richard syn frije spear oan, syn free lance, en sa komme wy oan de term freelancer.
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Ik bin freelancer, zzp'er. Mar it giet al in skofte net sa lekker tusken freelancers en de oerheid/Belestingtsjinst. Undernimmer wêze hat nammentlik in oantal fiskale foardielen, dy't der binne om't je as ûndernimmer net meidogge oan pensjoenopbou, WAO en noch sokssawat: oftewol, je moatte sels soargje dat je wat sparje foar de âlde dei en foar wannear't je in skoftke net wurkje kinne. De oerheid springt dan net by.
Aardich wat minsken binne net sa tûk, en tinke: dat sjogge we dan wol wer, en de oerheid helpt elkenien yn need, dochs, dus lit mar, ik wurd ûndernimmer en profitearje fan de geunstige fiskale regels, en gean fan it jild op fakânsje. Mar doch net mei oan arbeidsûngeskiktenssfersekeringen of eat foar de âlde dei. Oare minsken binne krekt wol hiel tûk, en seagen dizze situaasje as in fantastyske manier om goedkeaper personiel te hawwen.
Dat begûn sa'n tsien jier lyn, doe't sunich oan it besoargjen fan pakketsjes yn opkomst kaam, trochdat we ús guod mear en mear online bestelden. PostNL, pakketbesoarger fan it earste oere, goaide it op in akkoartsje mei de Belestingtsjinst, en ûntsloech in swikje besoargers. Dy koene dan dêrnei as zzp'er oan 'e slach foar PostNL. It wie dizze 'freelancers' net tastien om foar oare besoargers te wurkjen; se rieden yn buskes mei it logo fan PostNL derop rûn; en hiene klean fan dat bedriuw oan.
Elkenien mei sûn ferstân, en miskien wat kunde fan Ivanhoe, kin betinke dat dat net kin. Richard, woe hy gebrûk meitsje fan de tsjinsten fan Maurice, hat in kar. Maurice hielendal efter syn saak en útslutend syn saak krije, betsjut dat Richard him oannimme moat as personiel. Docht Richard dat net en hiert er Maurice as zzp'er yn, dan moat hy der rekken mei hâlde dat Maurice syn lance ek ta beskikking stiet of komt fan oaren. Dêr hat Richard yn dat gefal neat oer te sizzen. In ienfâldige kar.
It tal zzp'ers is de lêste jierren eksplodearre. Dit saakje rûn dus folslein út de hân, net yn it lêste plak om't de Belestingtsjinst gjin tafersjoch hâldt. Sa kaam it dat der fiif jier lyn oankundige waard dat der in nije wet komme moast. Spitigernôch wie dat in prutswet, en krigen foaral professionals as sjoernalisten, ICT'ers en oare tsjinstferlieners it lestich en in bak papierwurk derby. Wylst ienfâldich wurk, sis ik mei alle respekt, sa as it besoargjen fan pakketsjes, sûnder probleem yn de PostNL-konstruksje trochgean koe.
Sterker noch, we ha allinnich mar mear fan sokke tsjinstferlieners derby krigen yn de lêste jierren. Oanbieders yn de saneamde platfoarmekonomy. Dus Uber, Helpling, Deliveroo en Thuisbezorgd. Allegearre tuskenhannelers op gigantyske skaal dy't oaren it wurk dwaan litte. En dat it leafst sa goedkeap mooglik, dus as se in fiskaal geitepaadsje fine kinne, dan dogge se dat fansels.
Dizze wike die de rjochter útspraak yn in saak dy't Deliveroo-besoarger en PvdA-politikus Sytze Ferwerda oanspand hat tsjin Deliveroo. Dy hat nammentlik al it personiel derút goaid, en hat se zzp'ers makke. Selde PostNL-konstruksje: klean, wurkoarders en net foar oaren wurkje meie. De rjochter sei: der is gjin wetlike basis wêrop't Ferwerda oannommen wurde moat as personiel.
En sa binne we as freelancers fierder fan hûs as ea tefoaren. De wetjouwer lit it ôfwitte, de Belestingtsjinst sjocht de oare kant út, en Ferwerda en syn kompanen moatte mar sjen hoe't se de rekkens betelje as se siik wurde, en hoe't se pensjoen opbouwe. Minister fan Sosjale Saken Wouter Koolmees is op it stuit dwaande om yn dit yngewikkelde dossier ta goeie wetjouwing te kommen, en dat dit nedich is, kin hast net dúdliker wurde.
Thanks to the bustling times, a man of action will always find employment - tanksij de goede tiden, sil in tûk man altyd wurk fine. Mar tiden wurde ek wol wer ris oars. En foarearst kin Maurice dan op gjin inkelde manier oanklopje by Wouter Koolmees."