Joadske begraafplakken yn Ljouwert en op De Gordyk opknapt
Frijwilligers binne dizze wike dwaande mei it opknappen fan Joadske begraafplakken op De Gordyk en yn Ljouwert. Neist dat der grêfstiennen reparearre of rjochtset wurde, giet it benammen om it opnij ynkleurjen fan de letters op de stiennen. It giet om stiennen dy't somtiden al in pear hûndert jier âld binne.
Joadske begraafplakken yn Ljouwert en op De Gordyk opknapt
Mei-inoar binne der sa'n 150 frijwilligers aktyf, it grutste part fan har yn Ljouwert. Dêr is de opknapbeurt it hurdst nedich, om't yn de beammen om it begraafplak in soad roeken sitte. Dy soargje foar ekstra fersmoarging.
Inisjatyf
It inisjatyf foar de opknapbeurt komt fan it Nederlands-Israëlitisch Kerkgenootschap, dat by it wurk holpen wurdt troch de kristlike stichting Boete en Verzoening. Dy fynt dat út namme fan it kristendom yn it ferline de joaden tefolle misstannen oandien binne en wol mei it opknappen fan de stiennen ta fersoening komme.
In bydrage fan Wendy Kennedy