Berltsum wint Jong Feintepartij

It partoer fan Berltsum hat woansdei yn Easterein de Jong Feintepartij wûn. Yn de finale foar de wedstriid foar jonges tusken 17 en 21 jier wûnen André van Dellen, Patrick Nauta en Patrick van Dellen mei 5-0 en 6-4 fan Hijum Feinsum. Foar de ferliezend finalist dienen Hielke Beijering, Giancarlo Teitsma en Laas Pieter van Straten mei.
© Henk Bootsma
It wie foar it earst dat Berltsum de Jong Feintepartij, dy't sûnt 2005 holden wurdt, wûn.
Yn de heale finale wie Berltsum mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Winsum en yn de twadde omloop mei deselde sifers tsjin Frjentsjer 2. Berltsum hie yn de earste omloop tsjin Arum moatten, mar dy hienen harren ôfmeld. De haadpriis yn Easterein is de Sulveren Leest. Dy giet mei de Berltsumers mei nei hûs.
Ien fan de jonges út it winnende partoer, André van Dellen, spilet tongersdei yn de keats-off foar in plakje op de PC.

Tredde prizen

Tredde prizen wiene der foar Easterein 1 mei Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma, en Winsum mei Sipco Greidanus, Wessel Hilverda en Evert Pieter Tolsma.