Piet foarsjocht tongersdei waarmterekôrs yn de provinsje
Der soenen tongersdei wolris wat waarmterekôrs brutsen wurde kinne. Alteast, dat foarsjocht waarman Piet Paulusma.
Piet oer it waar woansdei
"It rekôr op Flylân is 31,9 graden fan 19 july 2014. Tongersdei wurdt it tink ik 31 of 32 graden. Foar de eilannen is it al hiel bysûnder dat we boppe de tritich graden komme."
Ek yn de provinsjehaadstêd komme we yn de buert fan it rekôr. "Yn Ljouwert is it rekôr no 34,0 graden. Dat is fan 2 july 2015. Dêr wurdt it tongersdei tusken de 34,0 en 34,5 graden."
Mei de drûchte liket it foarearst net better te wurden. "Sa't it no liket, komt der sneon in tal buien. Mar dat moat allegear noch. Foar de natoer en de boeren is it te hoopjen dat it flink wat rein falt. En takom wike is it wer kompleet sinne mei 27 oant 29 graden", seit de waarman.