Frou Van Weperen (96): Der komt my net folle út hannen mei dit waar
Frou Van Weperen (96): Der komt my net folle út hannen mei dit waar
Frou Van Weperen út Easterwâlde is in pear moanne lyn ferhuze. Se koe nei in âldereinhûs, mar keas - op har 96ste - dochs leaver foar in selsstannige wenning yn it sintrum fan Easterwâlde. "De wenningbou fûn dat ek wol bysûnder, leau'k. Mar ik haw it leafst myn frijheid en wat romte om my hinne. Dat bin ik fanâlds ek sa wend as boerinne." Itensiede docht se sels en dêr wol se mei trochgean salang as dat giet. Mei help fan de thússoarch en har bern rêdt se har skoan, mar se hat it net stean op it hite waar fan dizze simmer. "Ik swit en ik swit mar. Der komt my net folle út hannen op dit stuit." Frou Van Weperen doelt dêrmei op har grutte hobby, it hantwurkjen. Se belibbet der oars in soad aardichheid oan, mar mei it waarme waar wol dat net rjocht.
Mei it waarme waar docht frou Van Weperen der ferstannich oan om har ambysje by te stellen, seit ferpleechkundige Marjan Punter fan thússoarch De Friese Wouden. Fan har krijt frou Van Weperen moarns in kopje bûljon én in glês wetter. "Een lager tempo en extra drinken, daar gaat het om", seit Punter. "Wij proberen de mensen wat meer aandacht te geven en drinken extra water met ze." De wurkdruk is fanwege it hege waar ek in bytsje nei ûnderen bysteld. Alle adressen wurde oer mear kollega's ferparte, sadat elts wat mear oandacht krije kin. "De ochtendroute gaat nog wel, want dan is het nog niet zo heet. Maar 's avonds is dat echt nodig", seit Punter. Sy docht har wurk op in tsjinstfyts.
Dizze simmer is net de earste waarme simmer dy't Van Weperen meimakket yn har lange libben. De waarme simmer fan 1959 stiet har noch goed foar eagen. It lân brocht doe fierstente min fretten op foar de 28 kij dy't de Van Weperens doe hiene. "Wy moasten doe foer bykeapje. In waarme simmer kostet altyd jild, moatte je mar rekkenje." Se freget har soan om ekstra iisko's te keapjen yn de supermerk, want ek dat helpt tsjin de waarmte.

Frou Van Weperen oer de waarmte