Liveblog
|
25 july 2018
LIVEBLOG: Hjitte yn Fryslân
Koade oranje yn Fryslân. It is hjit, drûch en ferskate eveneminten passe it programma oan of wurde hielendal ôfsein. Bliuw op de hichte.
Lêst bywurke: 25 july 2018, 21:19
21:18
De iiskokarre stiet klear yn 'e binnenstêd
17:11
Sa kinst in ôfdrûchdoek ek brûke
16:53
Brêge docht it net mear
16:14
16:04
Piet: "Tongersdei waarmterekôrs"
Piet oer it waar woansdei
15:40
Brânwacht bringt timmerdoarp Drylts ferkuolling




14:53
Wetterskip moat sels ek meidwaan
14:26
Noed oer hûnen
Hûneskoalle Behave hat noed oer de omgong mei hûnen yn it hjitte waar. Sy sjogge dat minsken fytse mei de hûn njonken de fyts. Dat is gefaarlik, want ek hûnen kinne in sinnestek oprinne, warskôget de hûneskoalle. As tip jouwe se om in lyts fleske yn te friezen en dat oan de hûn te jaan. Dy hat dan wat om mei te boartsjen en tagelyk kuollet it ôf.
13:52
Ein fêst yn it asfalt
Ek de bisten ha te lijen ûnder de waarmte. Dit eintsje op It Amelân siet mei de poatsjes fêst yn it asfalt by Ballum. It asfalt is troch de waarmte hiel sêft wurden. Ek de fearren sieten ûnder de tarre. Boppedat hie de ein toarst en wie er strest. De biste-ambulânse fan It Amelân hat it bistje befrijd en it asyl Fûgelpits sil de ein waskje.

13:40
We sitte wer boppe de 30
13:29
Blau-alch
Op ferskate swimplakken binne hjoed warskôgingen kaam foar blau-alch. It giet om de Skipsleat op 'e Jouwer, de Blauhoek yn Jistrum en de Grutte Wielen Ljouwert.
De gemeente De Fryske Marren hie woansdeitemoarn ek in warskôging ôfjûn foar it Lemsterstrân, mar dat is wer ynlutsen.
13:23
Hjitteplan foar in swimbad
It swimbad fan Jobbegea komt foar it earst yn it 65-jierrich bestean mei in hjitteplan. Dat skriuwt de Heerenveense Courant. It natuerbad iepenet tongersdei en freed trije oeren earder: om 10.00 oere.
13:21
Troperoaster
13:13
"Koel" op Skylge
Op Skylge is it lekker koel. Relatyf fansels. De leechst metten temperatuer yn Nederlân woansdei wie om 2.00 oere yn it Skylger doarp Hoarne: 15,6 graden.
12:15
It strân op!
12:03
Sinnepanielen ferlieze fermogen
Ideaal waar foar sinnepanielen, soest tinke. Mar dat is net sa. Neffens de direkteur fan Volta Solar is it hiel ienfâldich, seit er tsjin De Stentor: "Dat is gewoon een natuurkundige wet. Ze geven minder energie door." Eltse graad boppe de 25 graden skeelt 0,5 persint oan fermogen. "En het gaat om de temperatuur van het paneel, niet de buitentemperatuur. Zo'n paneel wordt tijdens dit soort dagen zo 50 à 60 graden. Als de cellen 50 graden warm zijn, dan verliezen ze dus 25 keer 0,5 procent. Ruim 12 procent dus."
11:36
Ferkuolling sykje by de fonteinen?
11:31
Spikerdoarp hâldt earder op
Timmerdoarp Snits hat it programma fan woansdei ynkoarte. De bern binne wol earder begûn mei timmerjen: om 9.30 oere yn stee fan om 10.00 oere. Se hâlde op om 13.00 oere, dat soe earst twa oeren letter wêze.
10:59
Smook- en stookferbod Achtkarspelen
Achtkarspelen hat in smook- en stookferbod ynsteld. It is no ferbean om yn de gemeente te smoken binnen tritich meter fan bosken, greidegebieten en heide. Brânende of smeulende dingen falle litte of fuortsmite binnen in straal fan hûndert meter fan dy gebieten mei ek net. It ferbod jildt oant 1 septimber.
10:38
Programma Boerebrulloft ynkoarte
It programma fan de Boerebrulloft op De Jouwer duorret woansdei oant 13.00 oere. It middeisprogramma is skrast fanwege de waarmte. De lokale hoareka hat dêrom wat fersoargje foar de jeugd. Dy kinne op De Kolk suppe en mei wetterballonnen smite.

10:32
Maksimumsnelheid Hystemaraton oanpast
De Hynstemaraton fan Driezum-Wâlterswâld hat de maksimumsnelheid fan de rûte oanpast. Fierder is der in ekstra rêstpunt en komme der mear wetterplakken. De hynders en ponnys wurde boppedat ekstra neisjoen troch feedokters.
10:17
Nannewiidrin ôfsein
De Nannewiidrin by Aldehaske giet woansdeitejûn net troch. Earder hie de organisaasje de starttiid noch in oere opskood, fan 19.15 oere nei 20.15 oere. Mar om't it jûns lang hjit bliuwt, giet it hielendal net mear troch.
10:12
Negatyf swimadvys De Leien
De provinsje hat foar De Leien by De Rottefalle in negatyf swimadvys ynsteld, fanwege blau-alch yn it wetter. It advys is mei buorden op de wâlskant oanjûn.
10:09
Struie yn Boalsert
Sâltstruie yn Boalsert

Yn Boalsert wurdt woansdeitemoarn mei sâlt struid op de Snitserstrjitte en de Harnzerstrjitte. Dêr is nij asfalt dellein en troch de waarmte wie it grint fuortsakke yn it asfalt, dat troch de waarmte sêft wurden wie. Dêrtroch waard de dyk op guon plakken glêd.
10:04