Rykswettersteat pleatst anty-swimbuorden by Prinses Margrietkanaal
REPO Rykswettersteat pleatst anty-swimbuorden
Rykswettersteat sil buorden mei dêrop in swimferbod pleatse op fjouwer plakken by it Prinses Margrietkanaal yn Fryslân. Dit sil wêze by de brêgen fan Burgum, Skûlenboarch, Strobos en Blauforlaet. Op dizze lokaasjes wurde mei regelmaat swimmers sjoen, wylst dat ferbean is.

Mei dizze temperatueren sykje minsken faker it bûtenwetter op, sa ek yn it Prinses Margrietkanaal. Dat is net sûnder gefaar. Sa ferdronk ôfrûne freed in jonge yn it kanaal by Burgum.
De buorden binne bedoeld om swimmers ekstra te wizen op it swimferbod yn farwegen en by brêgen, slûzen en havens. Swimmers riskearje in boete fan 140 euro.