Boufakkers krije fleskes wetter en sinnebrânkrêm fan it FNV

Fleskes wetter, iisko's en sinnebrânkrêm. Dit guod soest ferwachtsje op it strân of op in terraske, mar fakbûn FNV dielde út op ferskate boupleatsen yn Fryslân. Swier wurk dwaan mei dizze waarmte betsjut flink switte. It fakbûn fynt dan ek dat de boufakkers goed drinke moatte, faker skoft nedich hawwe en riedt oan om de twa oeren yn te smarren.
Boufakkers krije fleskes wetter en sinnebrâncrême fan it FNV
De boufakkers binne bliid mei it wetter en de iisko's, mar de sinnebrânkrêm wurdt hast net brûkt. "Bouwvakkers zeggen dat ze geen zonnebrandcrème gebruiken, omdat ze al bruin zijn. Maar het gaat niet alleen om het verbranden, maar ook om de schadelijke uv-straling waartegen de crème bescherming biedt", seit Sabine de Vriend fan fakbûn FNV. Se hopet dan ek dat de mannen dochs smarre sille, om't neffens har hûdkanker in soad foarkomt by boufakkers.
Wy moatte genôch drinke en it iten meie we beslist net oerslaan.
Siep Bruining, opsichter Friso Bouwgroep
Opsichter Siep Bruining fynt it wol in moaie aksje dat it FNV op syn boupleats delkomt. Bruining wurket foar de Friso Bouwgroep en mei syn mannen binne se sûnt febrewaris oan it bouwen op it terrein fan in soarchbuorkerij yn Toppenhuzen. De waarmte is oant no ta noch wol fol te hâlden, mar de boufakkers moatte der wol om tinke.
Johanna Brinkman © Omrop Fryslân
Guon boufakkers hawwe net sa'n probleem mei de waarmte, mar foar oaren binne it wol hiele lange wurkdagen sa. In troperoaster is lykwols net ynfierd op de boupleats yn Toppenhuzen. "Ik ha it de jonges wol frege, mar se wolle dat net. Dan moatte se earder fan hûs, allinnich earder op bêd kinst mei dizze waarmte net", seit Bruining.
It FNV is tefreden mei wat se op de boupleatsen oantreffe, seit Sabine de Vriend. "Ze houden rekening met de warmte, hebben meer rust, zoeken de koelte op en drinken veel."