Koade oranje KNMI: ekstreme hjitte yn Fryslân
It KNMI hat foar woansdeitemoarn oant tongersdeitemiddei koade oranje ôfjûn foar Fryslân. It waarynstitút warskôget foar ekstreme hjitte, benammen yn de stêden. De maksima lizze om de 35 graden hinne; de minima yn 'e nacht by de 20 graden.
It waarynstitút freget minsken genôch te drinken, de huzen koel te hâlden en harren net tefolle yn te spannen. De koade oranje jildt allinne foar it fêste lân, en net foar it Waadgebiet.