Boeren op Skylge meie Boschplaat meane fanwegen de drûchte

Boeren op Skylge sille dizze wike in part fan de Boschplaat meane. Fanwegen de drûchte hawwe de boeren te min opbringst fan harren gerslannen. Steatsboskbehear hat dêrom fjirtjin bunder op de Boschplaat oanwiisd, dêr't meand wurde mei.
© ANP
Boskwachters hawwe earst sjoen oft der noch fûgels briede. De meanmasinen sille fan woansdei ôf oan de slach. It meande gers bliuwt sa koart as mooglik lizzen en wurdt dêrnei ferpakt en meinommen.

Needsaaklik

Gewoanwei wurdt der op de Boschplaat sa min mooglik yngrepen, mar de drûchte makket it needsaaklik. It is net de earste kear dat dit dien wurdt: midden jierren '70 waard der ek meand.
Joeri Lamers fan Steatsboskbehear