Allinnich Frysk slachtoffer stekpartij Lübeck leit noch yn it sikehûs
Fan de ferwûnen fan de stekpartij yn it Dútse Lübeck leit allinnich de 21-jierrige Fries noch yn it sikehûs. Dat meldt de NOS.

Nei de stekpartij yn in bus waarden fiif minsken nei it sikehûs brocht. De Fries wie der it slimst oan ta en moast in seis oeren duorjende operaasje ûndergean. Hy leit dus noch yn it sikehûs, de oare fjouwer binne yntusken ûntslein.
De man dy't fertocht wurdt fan de stekpartij wol noch hieltyd neat sizze oer it motyf fan syn died. Foardat er om him hinne begûn te stekken, besocht er de bus yn de brân te stekken. Dat slagge net, mei omdat de sjauffeur der yn slagge om it fjoer te blussen. Mei-elkoar sieten der fjouwer Friezen yn de bus.