Auto rydt troch fangrail by Dearsum
In automobilist is moandei op de N354 by Dearsum troch in keunststof fangrail riden.

De bestjoerder rekke fan de wei en naam dêrby sa'n 15 meter fan de fangrail mei. De auto kaam ta stilstân op de parallelwei oan de oare kant fan de fangrail.