"Gefaar fan swimme yn grutte kanalen wurdt ûnderskat"

"It gefaar fan swimme yn de grutte kanalen wurdt ûnderskat." Dat stelt Arjen Mintjes, direkteur fan de Maritieme Academie yn Harns.
Swimme yn kanalen is gefaarlik
Arjen Mintjes oer it gefaar fan swimme yn de kanalen
"Troch grutte skippen fan tûzen ton of mear ûntstiet sa'n sterke streaming, dat je je dêr as swimmer net tsjin ferwarre kinne. De skippen soargje mei har massa ûnder wetter foar in soarte fan kûle yn it wetter, dy't dêrnei fuort wer fol sûge wurdt. Dat is tige gefaarlik", seit Mintjes. Hy advisearret swimmers dan ek om net yn kanalen te swimmen dêr't de grutte frachtskippen farre. "Kuierje dogge je ek net op de sneldyk."
"It is sûnt tsien jier sels ferbean om te swimmen op alle trochgeande farwetters. Mar net elkenien wit dat en minsken fine it prachtich om by brêgen en sluzen te swimmen. Skippers sjogge it lykwols net."
Freed ferdronk in jonge fan 16 yn it Prinses Margrietkanaal by Burgum. Mooglik waard hy slachtoffer fan de ûnderstream troch in passearjend frachtskip.