Twa swierferwûnen by ûngelok Tsjummearum

By in iensidich ûngelok op de N393 by Tsjummearum binne yn de nacht fan sneon op snein twa minsken swierferwûne rekke. It giet om twa slachtoffers fan 18 en 21 jier âld. It ûngelok barde op de Hegesylsterwei by it doarp. In dyk mei in soad beammen.
© Postema Media
De auto fan de slachtoffers is om healwei trijen yn de nacht troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam botst. Ien fan de slachtoffers waard troch dizze klap út de auto slingere, de oare moast troch de helptsjinsten út it wrak fan de auto helle wurde. It ambulânsepersoniel krige stipe fan in traumahelikopter dy't ek oproppen wie.
De ravaazje nei it ûngelok wie grut. De brokstikken fan de auto leine her en der oer de dyk ferspraat, wêrtroch't de Hegesylsterwei in skoft ôfsletten west hat foar it ferkear.
Twa swierferwûnen by ûngelok Tsjummearum