Plysje rôlet himpkwekerij op efter winkelpân yn Wolvegea

De plysje hat yn Wolvegea in himpkwekerij yn in loads efter in winkelpân oantroffen. De kwekerij, mei dêryn 1300 planten, lei oan de Haadstrjitte East.
© Wiegmink Media
Nei it oantreffen fan de kwekerij is in spesjalisearre bedriuw ynset om apparatuer en de planten te ferneatigjen en ôf te fieren.
It is net bekend oft de plysje ek minsken oanholden hat. Yn it winkelpân siet earder in winkel mei telefoanassessoaren.