Wetterskip beslút nije wike oer bereiningsferbod
Wetterskip beslút nije wike oer bereiningsferbod
Fanwege de oanhâldende drûchte komt der nei alle gedachten nije wike in folslein bereiningsferbod. Dat seit Wetterskip Fryslân. Belutsen partijen, bygelyks lânbou-organisaasje LTO, wurde dêr moandei oer bypraat. It ferbod sil dan earst jilde foar gerslân. Bliuwt it drûch, dan meie ek ikkerbouwers net mear bereine.

Neffens it wetterskip hat de drûchte oant no ta noch gjin gefolgen foar de kaden. Kontroleurs hâlde de diken skerp yn de gaten. De wetterkwaliteit yn de provinsje wurdt wol minder. Der binne hieltiten mear lokaasjes mei blau-alch. Minsken moatte goed útsjen as se swimme wolle.