Supermerk Wynjewâld siet al yn swier waar

Yn it doarp Wynjewâld wie ferline wike noch in jûn om plannen te meitsjen foar de takomst fan de supermerk, dêr't tongersdeitejûn brân ûntstie. Neffens de winkelman sels smyt de Spar-supermerk ûnfoldwaande op om op lange termyn iepen te bliuwen. Yn it doarp is dêrom koartlyn in komitee oprjochte dat plannen ûntwikkelje wol om de winkel rendabeler te meitsjen. Dêrnjonken wurdt de winkelman ek stipe troch de Spar-organisaasje en in ûnôfhinklike supermerk-adviseur. "Iedereen was eigenlijk enorm positief vorige week. Dan is dit wel een enorme domper", seit Marjanne Hulsbergen, ien fan de minksen dy't de winkelman wol stypje wolle.
Yn de supermerk fan Wynjewâld is in soad reek- en wetterskea © Omrop Fryslân
Marjanne Hulsbergen oer de supermerk fan Wynjewâld
"Deze supermarkt is eigenlijk een kern-winkel voor het dorp. Wijnjewoude heeft meer winkels, maar als er geen supermarkt meer is krijgen die het ook moeilijk." De jûn om te praten oer de takomst fan de winkel luts ferline wike noch sa'n hûndert minsken en ferskate brûkbere ideeën. Der waarden ek ôfspraken makke om dy nei de simmer fierder út te wurkjen. It komitee is noch hieltiten striidber, mar de brân fan tongersdei makket ynienen alles ûnwis. De ynventaris fan de winkel kin as ferlern beskôge wurde. De winkel kin yn gjin gefal wer gelyk iepen, safolle is wol dúdlik.
Winkelman Johan Bosch koe noch net oanjaan hoe't it no komt mei syn winkel. Hy lit him de kommende dagen bystean troch syn adviseurs. De brân yn it sintrum fan Wynjewâld luts in soad publike belangstelling. De trochgeande Merkebuorren wiene in skoft blokkearre foar al it ferkear. Ek de bus rjochting Bakkefean koe in skoft net foar- of achterút.