Ek noardlike treinen ride faker op tiid

Treinen yn Nederlân rieden yn de earste helte fan dit jier yn 92,1 persint fan de gefallen op tiid. Dat is faker as oant no ta. Dat seit spoarbehearder ProRail. Op regionale spoaren leit it sifer noch heger, dêr rieden yn 95,2 persint fan de gefallen de treinen op tiid.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
ProRail hat ek sifers fan de noardlike stasjons bekend makke. Op it stasjon fan Ljouwert ried 93,2 persint fan de treinen op tiid. Yn Grins wie dat 93,5 persint en yn Zwolle 91,3 persint. Dy sifers lizze leger as it gemiddelde op de regionale spoarlinen, mar binne better as de sifers fan ferline jier.
De spoarbehearder is tefreden oer de sifers, ek om't der mear treinen ride en de kâns op fertraging dêrtroch grutter wurdt.