Wichtich ûnderdiel foar replika Willem Barentsz: it skip hat syn roer krigen
De replika fan de Willem Barentsz yn Harns hat lang om let in roer. De einfaze fan de bou fan it skip komt dêrmei yn sicht. Al sân jier binne se op de Willemshaven oan it bouwen oan de rekonstruksje fan it ferneamde skip dat yn 1596 nei Azië gie. Wat earst in miljoeneprojekt wêze soe, is úteinlik mei in groep fan sechstich frijwilligers trochsetten. De ynstallaasje fan it roer oan it skip is in grutte stap en in bysûnder momint. It wurdt dan ek fierd troch de wurkers en sponsoren.
Wichtich ûnderdiel foar replika Willem Barentsz: it skip hat syn roer krigen
It roer is in wichtich ûnderdiel fan it skip. It wie spannend oft it allegearre passe soe. Dat wie wol efkes stress foar de boumaster Gerald de Weerdt. Doe't it efter de steven hongen waard, die bliken dat it roer krom lutsen wie rjochting bakboard. Dêrtsjinoer die bliken dat de eftersteven de oare kant op bûgd wie. Der sieten dus in pear sintimeters ferskil tusken. Dat waard úteinlik dochs byinoar brocht en it roer past no goed. It hat in gewicht fan in heale ton en is fyftjin sintimeter tsjok en fiif meter heech.
Wichtich ûnderdiel foar replika Willem Barentsz: it skip hat syn roer krigen
Oare wurksumheden
Nei it roer moat der noch wol hiel wat barre foardat it skip yn it wetter kin. De boppekant fan it skip is hielendal wetterticht, mar de ûnderkant moat noch hielendal tichtmakke wurde. Ek de binnenkant fan de replika is noch net hielendal klear. Der sil noch aardich trochwurke wurde moatte de kommende twa moanne.
Op 22 septimber sil as alles goed giet de Willem Barentsz yn it wetter litten wurde.
Simone Scheffer by de Willem Barentsz