Nard Brandsma pakt mei oerwinning yn Drylts klassemintslieding
Nard Brandsma fan Warkum hat woansdeitejûn it fierljeppen yn Drylts by de manlju wûn. Mei in ôfstân fan 20.24 meter bleau er plakgenoat Ysbrand Galama (19.86) en Bauke de Jong fan Parregea (18.06) foar. Troch de oerwinning fan Brandsma stiet hy no ek boppe-oan yn it klassemint. Hy is Thewis Hobma fan Harns yntusken foarby.
By de froulju wûn Sigrid Bokma mei 13.63 meter. Fardau van Akker ljepte fierder by de famkes (14.65), mar moast nei ôfrin mei in brankaar ôffierd wurde. Nei alle gedachten hat se har knibbel ferdraaid. De dit jier oppermachtige Freark Kramer wûn by de junioaren mei in moaie sprong fan 19.47 meter. Wisse Broekstra pakte de oerwinning by de jonges mei 16.63 meter.
Nard Brandsma pakt mei oerwinning yn Drylts klassemintslieding