Jeroen van Heck: "Met een goed gevoel terug uit Thailand"

Jeroen van Heck is werom út Tailân. De direkteur fan de Van Heck Group reizge lêsten ôf nei it lân om te sjen oft hy helpe koe by de rêding fan de jonges dy't fêst sieten yn in grot. Hy hie it op it nijs sjoen en tocht fuort: "Daar moeten wij toch kunnen helpen."
Mei in goed gefoel werom út Tailân
© Jeroen van Heck
Hy bea syn tsjinsten oan en waard frege om nei Tailân te kommen. Dêr waard hy fuort oan it wurk set. Mei in dossier fan ien tekening op in A-4 papier en in oar stik papier mei wat telefoannûmers gie hy oan de slach.
Al gau waard dúdlik dat syn earst betochte oplossing net wurkje soe. "De ruimte in de grot was heel beperkt. Je kunt daar geen buis leggen." Mei help fan it thúsfront yn Noardwâlde betocht hy in hevelsysteem: "Precies zoals je benzine uit een tank over kunt hevelen. Even zuigen en hop, het loopt."
© Jeroen van Heck
Fan it Taiske team krige Van Heck grien ljocht foar it klear meitsjen fan de oplossing. Mei syn Taiske team strúnde hy boumerken ôf op syk nei geskikte materialen. Op it lêste momint krige hy lykwols te hearren dat syn help foarearst net nedich wie en se de jonges der sa úthelje soene.
© Omrop Fryslân
Ik heb daar vrienden voor het leven gemaakt.
Jeroen van Heck
Dochs woe Jeroen van Heck net werom nei hûs: "Dan zit ik in het vliegtuig en dan zul je net zien dat het niet lukt en ik wel nodig ben." Hy is bleaun oant de ein ta, ta grutte wurdearring fan de Taiske rêdingswurkers. "Ze brachten me weg en zeiden tegen me dat ze een vriend naar huis zagen gaan. Ik heb daar vrienden voor het leven gemaakt."
De ynstallaasje dy't se betocht ha, stiet no op souder yn Noardwâlde. "Klaar om gebruikt te worden mocht het ooit nodig zijn."
De Taiske jonge fuotballers binne woansdei ûntslein út it sikehûs. Se joegen in parsekonferinsje en in demonstraasje fan har fuotbalkeunsten.