SWF docht ûndersyk nei ferlet fan nije wenningen

De gemeente Súdwest-Fryslân sil de kommende jierren kritysker omgean moatte mei de oanfragen foar it bouwen fan nije hûzen. Dat seit wethâlder Stella van Gent.
Wurkje op de bou © Shutterstock.com
Troch de finansjele krisis kaam de wenningbou nei 2008 hast hielendal stil te lizzen. No sit de wenningbou just wer hiel bot yn de lift. Ferline jier wie sels sprake fan in eksplosive groei. Doe binne 195 kavels ferkocht. It oantal oanfragen foar nije hûzen is no heger as tastien wurdt troch de provinsje.
Dêrom moat de gemeente kieze en prioriteiten stelle, seit wethâlder Van Gent. De gemeente wol de kommende moannen ûndersykje wêr't it measte ferlet fan is. Dêrfoar wurdt in ekstern buro ynskeakele. De resultaten wurde foar de ein fan dit jier ferwachte en presintearre oan de gemeenteried.