Liveblog | 18 july 2018

LIVEBLOG: Provinsjale Steaten beslute oer wynpark Nij Hiddum-Houw

Nei jierren fan praten en protestearjen wurdt woansdei lang om let in beslút naam oer de megawynmûnen.
Lêst bywurke: 18 july 2018, 16:41
15:03

Stapke fierder yn wynenerzjy-opjefte

De provinsje is mei in posityf beslút oer de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw wer in stap fierder yn de ôfspraak mei it Ryk om yn 2020 530,5 megawatt wynenerzjy op te wekken. Wynpark Nij Hiddum-Houw stiet foar 36 megawatt, it wynpark by Makkum yn de Iselmar moat 316 megawatt opwekke. De rest fan de megawatts moat komme út besteande wynmûnen op it plattelân.
Oant sa fier dizze blog. Mocht de stimming jûn noch ferrassende saken opsmite, dan lêze jo dat hjir. Betanke foar it folgjen!
15:00

Omwenners teloarsteld fuort

De omwenners fan it takomstige wynpark Nij Hiddum-Houw binne woansdeitemoarn al teloarstel fuortgien. Fan 8.30 oant 10.00 oere ha se mei it spandoek DEMOCRATIE BEDANKT by de yngong fan it provinsjehûs stien en om 11.00 oere binne se fuortgien.
15:00

Stimming pas letter op de dei

De stimming fynt dus letter op de dei plak. Noch net dúdlik wannear.
14:53

Debat oer Nij Hiddum-Houw dien

It debat oer de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw is dien. De stimming is oan de ein fan de gearkomste. Nei alle gedachten sil dat woansdeitejûn wêze. Mar sa't it no liket stipet in mearderheid fan Provinsjale Steaten it útstel fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat binne de kolleezjepartijen CDA, VVD, FNP en SP. Ek de Christen Unie hat al sein akkoart te gean mei it lêste útstel.
Dat hâldt yn dat der legere mûnen komme (tiphichte mûnen 188 meter en net 208 meter), in bettere kompensaasjeregeling foar de buert (makliker partisipearje kinne yn it park) en in sa optimaal mooglike monitoaring fan sûnensklachten fan omwenners troch GGD en RIVM. Der komt in meldpunt foar minsken dy't klachten krije troch de mûnen. Fierder sil deputearre Kielstra besjen oft der wat oan de ferljochting fan de mûnen dien wurde kin, sadat minsken dêr minder lêst fan krije sille.
13:56
Andries Bakker folget it debat yn de Steaten
13:57
Andries Bakker folget it debat yn de Steaten