Frou lit bankrekken liene foar kriminele doelen en kriget straf

In 32-jierrige âld-ynwenster fan Easterwâlde hat in wurkstraf fan 20 oeren krigen omdat se goed twa jier lang har bankrekken beskikber stelde oan kriminelen.
Ynternetkriminaliteit © ANP
De frou sei dat se yn finansjeel swier waar siet. Fia ynternet wie se yn kontakt kaam mei minsken dy't har jild oanbeaën wannear't se har bankrekken ta beskikking stelle soe.

Ynpalme

It jild dat op har rekken kaam, moast se trochboeke nei in rekkennûmer yn Boedapest. De frou soe 15.000 euro krije en moast dat dêrnei wer stadichoan ôflosse. It jild dat op har rekken kaam, wie fan minsken dy't fia ynternet oplichte wiene.
De frou seit dat se der finansjeel neat mei opsketten is. Har advokaat seit dat se mei in moai ferhaal ynpalme is. Neist de wurkstraf fan 20 oeren, hinget de frou ek nochris 30 oeren boppe de holle yn har proeftiid fan twa jier.