Oerheid praat oer mooglik drastyske maatregelen fanwege drûchte

De oanhâldende drûchte begjint hieltyd earnstiger gefolgen te krijen; pleatslik, mar ek nasjonaal. It delslachtekoart fan dizze simmer is no sa'n 255 milimeter en komt yn de buert fan rekôrjier 1976. Dat betsjut dat de Landelijke Commissie Waterverdeling no woansdei krisisoerlis hâldt yn Lelystêd om besluten te nimmen oer it ferdielen fan it beheind beskikbere wetter yn de Iselmar. Dat hat fansels ek gefolgen foar Fryslân.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Wetterskip Fryslân is fan doel om dizze wike in 'aksjesintrum drûchte' yn te rjochtsjen. Dat is yn ferbân mei de oanhâldende drûchte, dy't rjochting de rekôrsimmer fan 1976 giet. Doe wie der in delslachtekoart fan 361 milimeter. De ynstânsjes prate dêr moandei oer.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer it krisisoerlis op woansdei

Landelijke Commissie Waterverdeling

De Nederlânske wetterskippen hawwe earder ôfpraat dat yn it gefal fan sa'n heech delslachtekoart de 'Landelijke Commissie Waterverdeling' oan set is. Dy kommisje komt woansdei byinoar om te praten oer de ferdieling fan it wetter út de Iselmar. Omdat de grutte rivieren hieltyd minder wetter oanfiere, wurdt it ynlitten fan Iselmarwetter mooglik ek beheind. Dat betsjut dat foar it Wetterskip - by oanhâldende drûchte - ek oanfoljende maatregels yn byld komme.
© Omrop Fryslân

Maatregels

De maatregels dy't eventueel trochfierd wurde moatte, kinne grutte gefolgen hawwe foar (sport)eveneminten, mar ek foar de lânbou. Sa tinke de wetterskippen bygelyks oan in twadde ynspeksje fan alle diken yn it feangreidegebiet, mar ek oan in mooglik bereiningsferbod.
Om't sokke saken tige gefoelich lizze, en in grutte ympakt hawwe kinne, wolle it wetterskip en de oerheid dêr noch net op foarútrinne. Ek it beslút om sa'n aksjesintrum yn te rjochtsjen, moat formeel noch nommen wurde.

Ferdringingsreeks

As it safier komt dat it wetter ferdield wurde moat, binne der spesjale prioriteiten en regels opsteld om de ferdieling sa effisjint mooglik te meitsjen. Dêrfoar is de saneamde ferdringingsreeks opset. Dat binne spulregels dy't ôfpraat binne nei it wettertekoart yn 2003. It komt derop del dat it wetterferbrûk yndield is yn kategoryen: feilichheid hat de heechste prioriteit. Fuort dêrnei komme drinkwetterfoarsjenning en enerzjyfoarsjenning. Skipfeart, lânbou, binnenfiskerij en wetterrekreaasje komme dêr pas wer efteroan.
Online kin it publyk mear ynformaasje fine oer de mooglike gefolgen fan de grutte drûchte.
Oersjoch fan Rykswettersteat oer de Ferdringingsreeks © Rijkswaterstaat
As der minder wetter is, wêr mei dat dan noch wol foar brûkt wurde?
Der binne in pear opdrachten fêstlein yn de ferdringingsreeks: