PvdA: ''De Fryske Marren lit belutsen boarger yn de kjeld stean''
De PvdA-fraksje yn De Fryske Marren is tige kritysk oer de wurkwize fan it kolleezje yn de saak fan de Lidl-supermerk op 'e Lemmer.

Undernimmers oan de Vissersburen ha al twa kear in brief stjoerd wêryn't se de foarnommen ferhuzing fan de Lidl nei de Pôlle stypje, mar ha oant no ta gjin inkelde reaksje fan de gemeente krigen. Dy lit dêrmei de belutsen boarger yn de kjeld stean, seit de PvdA-fraksje no.
De fraksje fynt de wurkwize fan de gemeente jammerlik en net bydragen oan it goed omgean mei boargerinisjativen. De PvdA hat om dy reden fragen steld.