Brânwacht rêdt geit fan de drinkeldea

De brânwacht hat sneintejûn by Makkingea in geit fan de drinkeldea rêden. It bistje wie yn it wetter rekke by de Balkwei.
© De Vries Media
Doe't de brânwacht oankaam, lei de ûnderkuolle geit noch yn it wetter. Mei in drûchpak koenen de brânwachtlju it wetter yn en de geit der mei in tou úthelje.
© De Vries Media
Ienkear oan wâl koe de geit opwaarmje mei wat klean. De brânwacht hat de geit wer frijlitten yn it lân dêr't ek oare geiten stienen.