Partoer Van der Bos oppermachtich op Rengersdei
Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra wienen snein oppermachtich op de Rengersdei yn Ljouwert. Sy wûnen harren sechsde frijeformaasjepartij op rige. Yn de finale tsjin Remmelt Bouma, Jelte Visser en Willem Heeringa waard it 5-2 en 6-4.

Gert-Anne van der Bos
It gie hurd yn de finale. Al gau wie it 5-0 foar it partoer van Van der Bos. Dêrnei makken Bouma-en-dy de stân wat draachliker. Spannend waard it lykwols net mear.
Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening.
Remmelt Bouma
Rûte nei de finale
Yn de earste omloop wûnen Van der Bos-en-dy al mei 5-1 en 6-0 fan Jelle Attema, Kees van der Schoot en Sjoerd de Jong. Dêrnei kaam foar it trio Van der Bos de dreechste partij fan de dei: it waard 5-4 en 6-0 tsjin Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Yn de heale finale tsjin Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Martijn Olijnsma wienen it wer dúdlike sifers: 5-1 en 6-2.
Bouma-en-dy kamen yn de twadde omloop troch mei 5-3 6-2 te winnen fan Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Jan Schurer. Dêrnei wienen se mei 5-2 6-4 te sterk foar Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten. Mei in steand nûmer kamen se yn de finale.
Seis oerwinningen op rige
De oerwinning yn Ljouwert wie de sechsde op rige foar it partoer Van der Bos yn in frijeformaasjepartij. Dit is de yndrukwekkende rige: