FOTO: Elfwegentocht mei parade oer de Wâldwei

Elfwegentocht mei parade oer de Wâldwei
Je kinne der sneon net omhinne, benammen as je oer de Wâldwei ride wolle. Dy is ôfsletten foar de lêste dei fan de Elfwegentocht, it inisjatyf wêrby't in diel fan Fryslân twa wiken lang fossylfrij riden hat.
De parade is de ôfsluter en der wurdt besocht in rekôr te fêstigjen mei de grutste optocht ea fan elektryske auto's, auto's op grien gas as blauwe disel en fytsers en kuierders. Astronaut André Kuipers joech sneontemoarn it startskot. Ek oare ferfiermiddels dogge mei, sa as duorsume boatsjes en sels in elektrysk fleantúch.
Astronaut André Kuipers joech it startskot foar de parade © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie by de parade fan de Elfwegentocht