Sportive Akkrumers kinne tenei teplak op nij sportplein yn Akkrum-East

It Juf Boeremaplein yn Akkrum-East is sneontemoarn iepene troch wethâlder Hans Broekhuizen fan Hearrenfean. Dat is in grut plein dêr't jeugd út it doarp ferskate sporten dwaan kin.
© Aize Wijnstra
Op it plak fan it plein stie earder in basisskoalle, mar dy is sloopt. In wurkgroep hat wol fiif jier lang dwaande west om plannen te meitsjen en jild yn te sammeljen. Tuskentroch gong it doarp ek nochris oer fan de eardere gemeente Boarnsterhim nei It Hearrenfean.
© Aize Wijnstra
No leit der in grut plein fan 3.000 kante meter dêr't je op basketbalje, skeelerje, ride en fuotbalje kinne. En net allinnich dat, der is ek noch in fjildsje mei saneamde bootcamptastellen. En de jeugd út it hiele doarp wit it pleintsje no al te finen, wylst de lêste stien mar krekt lyn lein is. Njonken de jeugd binne der noch wol mear groepen dy't oan it wurk wolle op it plein, lykas âlderein.